Sebrapuzel

De Sebrapuzel is in bekende logyske puzel, dy't bygelyks oplost wurde kin mei in logigram. Der binne in protte ferzjes fan 'e puzel. De puzel wurdt faaks de 'puzel fan Einstein' of it 'riedsel fan Einstein' neamd, om't der sein wurdt dat it útfûn is troch Albert Einstein op jonge leeftyd, en it wurdt soms taskreaun oan Lewis Carroll. Der is lykwols gjin bewiis foar it auteurskip fan Einstein of Carroll, en de ferzje yn Life International omfettet sigarettemerknammen, lykas Kool, dy't net bestienen yn Carroll syn libben of yn 'e jeugd fan Einstein. Der wurdt wol sein dat mar in pear persint fan de befolking de puzel oplosse kin. De Sebrapuzzel wurdt wol brûkt as prestaasjemjitting fan kompjûteralgoritmes foar it oplossen fan 'constraint satisfaction'-problemen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne